wp3c660c61.png
wp176d12fc.png
wp01e1c156.png
wpc1fa4f87.png
wp2f7871f1.png
wp9f6391a5.png
wp8be6c600.png
wp688d9763.png
wp87746ebc.png
wp95157953.png
wpde1c212e.png
wpc4d46ed7.png
wp58b6b6bc.png
wpa2f5ace5.png
wp1562ac4f.png
wp083dc09d.png
wpcb181357.png
Ooit
vond men in Jonkerslân
een geneeskrachtige drank,
plaatselijk bekend als ‘Jarrewetter’.
Hier het verhaal.
Ea
fûn hja  yn Jonkerslân
in drank mei hielkrûden,
pleatslik bekend as ‘Jarrewetter’.
Hjir it ferhaal.

It is yn Jonkerslân, it jier1583.

In Jonkhear is mei in swart hynder

ûnderweis nei it Hearrenfean.

It waar is ferskriklik min, it reint oan

ien tried wei troch en in stoarmige wyn skoddet de beammen.

De Jonkhear is hastich en slacht narrich it hynder

mar it moaie dier docht syn bêst en kin net hurder.

Op it smelle paad tusken Bontebok en Jonkerslân

stiet ynienen Antsje Jans. It swarte hynder skrikt,

stegert en dan falt de Jonkhear fan it hynder yn de drek.

Antsje Jans hellet in krûdige appel ûnder har swarte

rok wei en traktearret it hynder foardat sy it

nommele dier fuortstjoert.

De drek, wêr’t de Jonkhear yn telâne kaam wie joech

wol mei, in stien ûnder de holle net.

Antsje Jans nimt de bewusteleaze Jonkhear mei nei

har hûske, wat eins net mear as in hutte is.

Nei tritich dagen wurdt de Jonkhear wekker. Hy leit

ûnder in dikke kowehûd, hat wiete doeken op ‘e holle

en leit neist in kokeal. Syn hiele bealch trillet.

Antsje Jans besiket mei in sleef de Jonkhear drinke te litten.

Dagen leit de man yn deastriid. Sleven fol mei de

hielsume drank kriget de man en úteinlik knapt hy op.

Dan ek sjocht de Jonkhear wêrút de drank skept wurdt.

Antsje Jans skept mei in sleef út de groppe.

Mislik wurdt hy wer en mei in flues foar it ferstân slacht

de Jonkhear Antsje Jans mei de sleef dea.

 

Letter, as de Jonkhear betinkt dat hy it libben te tankjen

hat oan Antsje Jans en har JARREWETTER, giet hy

werom nei Jonkerslân, mar der is neat mear te finen.

Al wie der nea wat west.

Ieuwen letter fûn ús oer- oerpake op it plak wêr’t spultsje

fan Antsje Jans stie, in âlde put mei in brúne jarre.

Der siet in eigenaardich krûdige geur oan.

Der hong in reade sleef oan de binnenkant fan de put en

doe ‘t myn oer- oerpake fan drank preau lutsen by him de

kalknagels strak en skjin en wienen ek oare krupsjes

opslach fuort. Letter kamen der kloften minsken

nei de put mei de krûdige jarre.

De put is der noch en mei in sleef putte wy út dizze boarne.

Dan giet it yn in jarretank en bottelje wy it yn flessen of in krúk.

Jo sjogge:

JARREWETTER is oarspronklik.

 

It ferhaal:
wp5c13ad07.png
Jarrewetter