Jonkerslân is in moai lyts doarp oan de westkant fan De Gordyk yn de gemeente Opsterlân. It leit ferskûle achter beamwallen, ynsletten troch lân, sleatten en in rike natûr. Jonkerslân is in ûndernimmend doarp. In grut tal ferieningen, de skoalle en Pleatslik Belang hâlde it doarp libbend en der binne in soad lytse bedriuwen.  

De Feanborch is de nijbou fan it doarp. Hjir stean in tritichtal nije wenningen. It kroanjuwiel fan Jonkerslân is it doarpshûs. Us Doarpshûs wurdt yn stân holden troch in grut tal frijwilligers en ferieningen.

De Fûgelsang op in moaie winterdei.
Doarpsfeest
OBS Skoalle Jonkerslân
De Lytse Jonker
7 - 8 - 9 Juni
Mei u.o.
Fryske muzykjûn
wêryn
Piter Wilkens
Gurbe Douwstra
Adrie de Boer - Eddy Dijkstra
Kim en band
Nederlânsk Alvetal
op grut skerm
Piter
Yn
Jonkerslân
Do. 18 april Doarpshûs
Jiersfergadering
Pleatslik Belang